Wurkje by V&K
Van der Veen & Kromhout is hieltyd yn beweging. In soad bedriuwen ûntdekke de foardielen fan ús organisaasje. Van der Veen & Kromhout groeit en hat dêrom geregeld fakatueres foar Assistint-accountants, Accountants, Fiskalisten, Bedriuwskundigen en Salarisadministrateurs.
De meiwurkers by Van der Veen & Kromhout arbeidzje yn in plezierige, ynformele en kollegiale sfear meiinoar op. Fan ús meiwurkers ferwachtsje wy goede sosjale feardichheden en de ambysje om selsstannich en yn teamferbân te wurkjen oan ferskillende, ôfwikseljende en ferantwurdlike opdrachten.
Wy biede ús meiwurkers útdaagjende kânsen en karriêremooglikheden, oantreklike opliedingsfasiliteiten en prima arbeidsbetingsten.
As jo ynteresse hawwe nim dan kontakt mei ús op foar in oriïntearjend petear. Jo reaksje sil fansels folslein fertroulik behannele wurde.