Jou josels in foarsprong
Kundich
De spesjalisten fan Van der Veen & Kromhout binne trochkrûpt yn harren fak. Se folgje de ûntwikkelings yn 'e finansjeel-ekonomyske wrâld op 'e foet, nasjonaal en ynternasjonaal. Mar ek fan 'e regionale situaasje binne se tige goed op 'e hichte.
Breed
Hâlde jo fan oersjoch en gearhing by jo saaklike beslissings? Van der Veen & Kromhout hat alle spesjalisten yn 'e hûs: akkountants, fiskalisten, juristen, bedriuwsekonomen en automatisearringseksperts. Jierrekken, salarisadministraasje, belestingoanjefte, ynvestearringsplannen? Op de bondelde ekspertize fan Van der Veen & Kromhout kinne jo rekkenje!
Wolle jo letter de fruchten fan jo wurk ploaitsje kinne?
As it om jo persoanlike takomst giet, steane ús adviseurs jo ek graach mei rie en die by.
Belutsen
Jo fêste kontaktpersoan by Van der Veen & Kromhout ken jo brânzje en jo bedriuw fan binnen en fan bûten. Hy begrypt wat jo beweecht en ferpleatst him probleemeas yn jo situaasje - effisjint èn freonlik.
By Van der Veen & Kromhout fine jo in harkjend ear. In nochteren peteargenoat dy't jo mei betroubere ynformaasje, heldere analyzes en kleare taal helpt mei it ûntwikkeljen fan in oertsjûgjende fisy en it realisearjen fan jo ambysjes.